Van Bekkum: "Fryslân moat better gearwurkje mei Grinslân"

03 nov 2017 - 17:49

Fryslân moat better gearwurkje mei Grinslân as it giet om toerisme en kultuer. Dat fynt direkteur Tjeerd van Bekkum fan Kulturele Haadstêd. Troch de grinzen op dat mêd fuort falle te litten kin de noardlike provinsjes fitaal bliuwe en har op de takomst rjochte. "Dan bliuwe jongeren hjir miskien ek wenjen", seit Van Bekkum by RTV Noord. Hy hopet dat it Kulturele Haadstêdjier 2018 it begjin is fan mear oer de grinzen hinne tinke. In tal projekten fan takom jier spilet him ek ôf yn Grinslân, lykas in pear tentoanstellingen yn it Groninger Museum.

(advertinsje)
(advertinsje)