Nije ferkearsbuorden yn Oranjewâld

03 nov 2017 - 17:39

Yn Oranjewâld binne tongersdei nije ferkearsbuorden pleatst om automobilisten bewuster te meitsjen fan de gefaarlike sitewaasje yn it doarp. It plak dêr’t de Cissy van Marxveldtleane en de Keningin Julianawei inoar krúzje is foaral foar fytsers dy’t ûnder it fiadukt weikomme in probleem. Auto’s kinne harren net oankommen sjen troch in grutte hage, boppedat ferwachtsje se fan rjochts gjin ferkear.

Learlingen fan groep 7 en 8 fan de Albertine Agnesskoalle yn Oranjewâld hawwe dêrom tegearre mei Veilig Verkeer Nederland fjouwer nije ferkearsbuorden makke sadat bestjoerders better om de fytsers tinke. Veilig Verkeer Nederland is hiel bliid mei de aksje. Wethâlder Broekhuizen fan it Hearrenfean hat tegearre mei de bern en VVN de buorden ûntbleate. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)