Tennisser Sander Arends berikt opnij finale

03 nov 2017 - 17:20
Sander Arends - Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat opnij de finale fan in challengertoernoai berikt. Yn it Dútske Eckental wie hy mei syn Tsjechyske maat Roman Jebavy te sterk foar it koppel Bemelmans/Molchanov. It waard 7-5 en 6-4. De finale wurdt snein spile.

Mei it finaleplak pakt Arends minimaal 48 punten foar de wrâldranglist. By winst wurde dat der 80. Yn beide gefallen komt er rûn plak 114 op de ranglist út. It is foar Arends it tredde finaleplak yn de lêste fjouwer toernoaien. Yn Brest en Ortisei pakte hy beide kearen de titel.

Trefwurden: 
tennis Sander Arends
(Advertinsje)
(Advertinsje)