Ynbraak en fernielings op Ljouwerter neijiersmerke

By alve attraksjes op de neijiersmerke op it Saailân yn Ljouwert is tongersdeitenacht ynbrutsen. De dieders ha jild stellen en in soad skea oanrjochte. De attraksjes bin iepenbrutsen en der bin ruten fernield. Merkebaas Nico Troost rûst de materiële skea al gau op goed 10.000 euro.
De dieders bin fêstlein op kamerabylden. Dizze bylden bin oerdroegen oan de plysje. Foar de kommende twa nachten is ekstra befeiliging regele. De merke-eksploitanten hâlde sels ek de boel ekstra yn de gaten.