Sânsuppleesje It Amelân en Flylân opnij oanbestege

03 nov 2017 - 16:40
In baggerskip oan it wurk - Foto: ANP

Der komt in nije oanbesteging foar it sânopspuitsjen op Flylân en It Amelân. Rykswettersteat hat in pear wiken lyn it kontrakt opsein mei de oannimmer dy't dat oant no ta die, omdat dy net genôch avesearre. Dêrtroch kaam it wurk foar de kust fan Flylân East en Teksel stil te lizzen.

Rykswettersteat hat Boskalis opdracht jûn om it wurk op Teksel sa gau mooglik op te pakken, omdat it dêr knypt. Dat spilet minder bij Flylân en It Amelân. Dêrom wurdt dat wurk opnij oanbestege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)