Soarchsintrum Nij Bethanië bloeit as nea tefoaren

03 nov 2017 - 16:28

Alle keamers en wenten yn soarchsintrum Nij Bethanië yn Tzummearum sitte sân moanne nei oplevering al fol. Dat is folle earder as ferwachte. De direksje tocht dat it wol twa jier duorje soe. "By de start fan Nij Bethanië seine wy, as wy nei twa jier fol sitte dan dogge wy it goed. Mar dat nei trije fearnsjier alle wenten bewenne binne, is boppe ferwachting", seit Atje Tadema-Postma, bestjoerder fan soarchsintrum it Bildt.

Der hat in soad diskusje west oer it fuortbestean fan Nij Bethanië. Lang om let wiene it wenningboukorporaasje Wonen Noordwest Fryslân en soarchsintrum it Bildt dy't wol heil seagen yn de lokaasje. Om it gebou hinne is noch romte foar útwreiding. Dêr wurdt dan ek al foarsichtich oer neitocht.

Wonen Noordwest Fryslân is eigener fan it gebou en soarchsintrum it Bildt fersoarget soarch en wolwêzen.

Trefwurden: 
Nij Bethanië Tzummearum
(Advertinsje)
(Advertinsje)