"Fansels sille haters haatsje!" Omrop Fryslân op Giphy

Facebook, Twitter en WhatsApp steane der hielendal fol mei: gifkes, koarte filmkes sûnder lûd. Omrop Fryslân hat sûnt koartlyn in eigen gifbestân. Dêr steane mear as hûndert gifkes yn en der komt hast alle dagen wol ien by. De man dy't alles betinkt en yninoar set is Lars Hoekstra.
Lars, hoe is dat sa kaam?
"Wy hienen hjir in stazjêre, Marianne, en it like har moai om ynternetynhâld te ferfryskjen. Op har lêste staazjedei hawwe we fan sân al besteande gifkes in Fryske fariant makke. De gifkes binne yn feite in mingsel fan ynternetkultuer en Fryske kultuer. Sa wolle we ek sjen litte dat it Frysk ek geskikt is foar it ynternet."
"Ik tink omdat it in goed alternatyf is foar emoticons. Se binne faak dúdliker en in goed gifke kin in hiel soad sizze yn mar in pear sekonden. Emoticons bewege net, it is net altyd dúdlik wat ien dermei bedoelt. Dat hast mei gifkes net, de ekspresjes sjochst better, want se binne meastentiids wat oerdreauner, wat opfallender."
"In grut part fan de Friezen brûkt bygelyks wol Frysk op sosjale media, mar foaral fonetysk. Wy jouwe in Fryske draai oan de ynternetkultuer fan hjoed-de-dei."
"Dizze fan Yoda fyn ik dêrom wol moai. Yoda draait de tiidwurden altyd om en guon minsken dogge dat ek mei it Frysk. Dus dit past der moai by."
En it giet goed, hè?
"Ja, alles byinoar binne ús gifkes no 1,9 miljoen kear besjoen en it giet hieltyd hurder mei de 'views'. Mar ik wol úteinlik dat it ek tapast wurdt. Dus net allinnich dat eltsenien se besjocht en laket, mar dat minsken se sels ek brûke op bygelyks Facebook Messenger en op WhatsApp. Wy wolle derfoar soargje datst aanst alles sizze kinst mei Fryske gifkes."
"Der binne guont dy't dûbeldsinnich binne of soms sa ûnnoazel dat it dêrtroch júst grappich is. Lêst lei ik op bêd en betocht ik ynienen datst by 'tige tank' wat mei in tank dwaan koest."
"En ik haw sels in soad Power Rangers sjoen en ik fyn 'hokker' sa'n raar wurd, dat ik koe dat mei in gifke moai kombinearje. Mar it is ek moai wannear't ik fan ús eigen bylden wat moais meitsje kin. Fan de fragminten mei de mollefanger ha ik in pear gifkes meitsje kind, lykas 'machtich moai' en 'jaaaahaaa'. Sa is it wat in sûne kombinaasje tusken al besteande gifkes dy't we ferfryskje en ús eigen materiaal."
"Op ús GIPHY-side binne alle gifkes te finen, mar Facebook Messenger en WhatsApp hawwe de gifkes ek al soart fan yntegrearre, do kinst gewoan op Fryske wurden sykje en as der in gifke fan is, dan krijst dy te sjen (of sykje op 'Friesland' of 'Fryslan')."