Provinsje Fryslân hâldt op mei wyksjoernaal

03 nov 2017 - 16:24
Johannes Keekstra fan de provinsje Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Provinsje Fryslân hâldt op mei syn wyksjoernaal op social media. De provinsje wol net langer in hiele wike wachtsje mei te fertellen wat se allegear by de ein ha. Tenei is faker mei koarte filmkes op bygelyks Facebook en Twitter te sjen wat foar besluten naam binne of wat de deputearren dogge.

It wyksjoernaal fan de provinsje hat goed twa jier bestien. Freed is de lêste edysje pleatst. Dy giet folslein oer de reden wêrom't de provinsje der mei ophâldt.

De lêste edysje fan it wyksjoernaal fan de Provinsje Fryslân:

(Advertinsje)
(Advertinsje)