Boubedriuw Lont wol kasarbeiderskwestje Berltsum oplosse

Boubedriuw Lont hopet yn de kommende wiken in oplossing te finen foar de kasarbeiderskwestje yn Berltsum. Dat seit direkteur Jetze Lont fan it boubedriuw. Ynwenners fan Berltsum binne benaud foar de komst fan sa'n 100 oant 150 bûtenlânske arbeiders foar de kassen fan túnboubedriuw Zeinstra. Sy soenen ûnderdak krije moatte yn de nijbouwyk de Pôlle. Zeinstra en it útsjoerbedriuw VZM harre dêr foar harren 14 huzen oanskaft. Acht dêrfan binne al yn oanbou. Tsjin de bou fan de oare seis rint noch in beswierproseduere. Bewenners fan de wyk binne bang dat de komst fan de arbeiders it gesinskarakter fan de wyk en de lykwichtige gearstalling fan de befolking oantaaste sil.
De gemeenteried fan Menameradiel besliste tongersdei dat der gjin juridyske stappen tsjin de bouwer en de eigeners fan de huzen naam wurde. Wol is in moasje fan de PvdA oannaam dat der alles oan dien wurde sil om it tal huzen foar de arbeiders te beheinen ta in akseptabel minimum. Dat betsjut dat alle belutsen partijen no sels in oplossing sykje moatte. Neffens Lont wurdt socht nei in oplossing dy't temjitte komt oan de eangst fan de bewenners dat der tefolle arbeiders nei harren wyk komme sille. Lont hopet dat it plan foar in plande ynformaasjegearkomste op 30 novimber klear wêze sil.