Twa ferwûnen troch ûngelok op de A32 by Wolvegea, dyk ticht

03 nov 2017 - 15:41

By in ûngelok op de A32 tusken Wolvegea en Stienwyk binne freedtemiddei twa ferwûnen fallen. Twa auto's botsten opinoar. Ien dêrfan knalde dêrnei boppe-op de fangrail. De twa ferwûnen binne nei it sikehûs oerbrocht. De dyk hat fanwege it ûngelok in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)