Swarte sifers foar SC Cambuur: nettowinst fan twa ton

© ANP
SC Cambuur hat finansjeel sjoen in goed jier efter de rêch. Oer it seizoen 2016/2017 hienen de Ljouwerters in nettowinst fan goed twa ton. Dêryn binne de transferynkomsten fan Sander van de Streek, Stefano Lilipaly en Jamiro Monteiro noch net meirekkene. Dy telle mei foar dit seizoen.
Foar it sânde jier op rige hellet Cambuur swarte sifers. Dêrmei is de klup noch net út de reade sifers, want der is noch hieltyd in negatyf eigen fermogen fan 1,4 miljoen euro.