Fertochten Snits bliuwe langer fêstsitten

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De twa manlju út Snits dy't fertocht wurde fan hannel yn ferdôvjende middels en it wytwaskjen fan jild, bliuwe 14 dagen langer fêst sitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. De manlju fan 31 en 33 jier waarden tiisdei yn Snits oppakt nei in grut plysje-ûndersyk, dat al twa jier lyn al begûn. Der waard dizze wike beslach lein op ûnreplik guod, djoer guod en jild.