Frou stelt skuon yn Drachten

30 okt 2011 - 14:01
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneon yn Drachten in frou fan Bakkefean (47) oanhâlden foar it stellen fan skuon. De frou waard trappearre yn in winkel oan de Noarderbuert. De frou waard achterfolge troch in meiwurkster fan de winkel en in tsjûge, dy't seach dat de frou de stellen skuon fuortmitere.

Oan de hân fan it sinjalemint koe de plysje de frou justjes letter oanhâlde yn de Gauke Boelensstrjitte. De fertochte waard oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten skuon oanhâlden
(Advertinsje)
(Advertinsje)