Swarte Sinteklaas yn Dokkum

03 nov 2017 - 14:30

Yn it sintrum fan Dokkum is der fan moandei ôf in tentoanstelling oer Sinteklaas. Op de tentoanstelling 'Wie komt er alle jaren, tussen bisschop en boeman' kinne besikers troch it brûken fan in audiotour ynformaasje krije oer de skiednis fan de Sinteklaasfieringen. Sinteklaas hat him troch de iuwen hinne bot ûntwikkele. Sa hat de goedheilichman swart west en wie er yn it ferline ek dwaande mei it keppeljen fan minsken as in soart fan 'love doctor'.

De yntocht fan Sinteklaas fynt op 18 novimber plak yn Dokkum. Ferline jier wie de yntocht yn Maassluis en wie de tentoanstelling dêr foar de earste kear. Doe binne der 2.500 besikers op ôfkaam. De tentoanstelling is no útwreide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)