Freedsmerk Ljouwert: "Rokers jatten tijd van de baas!"

03 nov 2017 - 14:04

Wurknimmers dy't net smoke, beleanje mei ekstra fakânsjedagen. Is dat in goed idee? Dy fraach kaam fan 'e wike nei foaren doe't in bedriuw yn Japan dat ynfierde. De ekstra frije dagen kin sjoen wurde as kompensaasje, om't smokende kollega's geregeld efkes ekstra skoft nimme. De maatregel kin lykwols ek sjoen wurde as stimulâns om op te hâlden mei it smoken. Op de freedsmerk yn Ljouwert wiene in soad minsken foar dit idee: "As je fuort binne te smoken, bin je net oan 't wurk." "Je accepteert toch ook niet dat schilders in uren die jij betaalt, uit hun neus zitten te eten?", sa waard der sein.

In oar kaam mei de gedachte dat rookpauzes like goed betsjutte kinne dat smokers op oare mominten krekt wer produktiver binne. Boppedat waarden ek oare saken neamd dêr't by oaren wurktiid oan op giet: kletse, by de kofje-automaat hingje, Facebooke of faak nei it húske gean. Moat soks dan ek byholden en kompensearre wurde? Neffens de stoffekeapman makket dat it measte net út: "Alles wat minsken stimulearret op te hâlden mei smoken, moat je oangripe!"

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert smoke
(Advertinsje)
(Advertinsje)