Grinsrjochter Zeinstra yn aksje by Grikelân-Kroäsië

03 nov 2017 - 13:55

Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp komt snein 12 novimber yn aksje yn de fuotbalwedstriid tusken Grikelân en Kroäsië. Dat meldt de KNVB. It duel yn de Grykske stêd Piraeus is de return fan de play-off om in plak op it WK fuotbal, takom jier yn Ruslân. Skiedsrjochter is Björn Kuipers. De oare grinsrjochter is Sander van Roekel. Danny Makkelie is de fjirde official.

(advertinsje)
(advertinsje)