Fikingdoarp Asgaard plantet eigen logo mei blombollen

03 nov 2017 - 13:50

Fikingdoarp Asgaard plantet sneon mear as 3.000 tulpe- en narsissebollen yn de foarm fan it eigen logo. As de blommen yn de maitiid bloeie, moat it logo fan de rûnwei ôf te sjen wêzen. Asgaard is it plak flak efter de wyk Heechterp yn Ljouwert dêr't keunstners it lân ûntginne kinne. Noardske mytologyen krije dêr foarm yn keunstsinnige projekten.

De blombolle-aksje heart by de nasjonale Natuurwerkdag, dy't sneon ek hâlden wurdt. Asgaard wol mei de aksje meihelpe oan it meitsjen fan ynsektfreonlike gebieten. It Fikingdoarp hâldt dit wykein ek in iepen dei en presintearret dan it programma foar takom jier.

Trefwurden: 
Asgaard LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)