Deenske skoalbern op besite yn Fryslân

03 nov 2017 - 13:47
Obs 't Haskerplak yn Aldehaske - Foto: Omrop Fryslân

In groep Deenske basisskoallebern is kommende wike op besite by basisskoallen yn Rottum, Aldehaske en Rotsterhaule. De Denen komme hjir yn it ramt fan in ynternasjonaal útwikselingsprogramma. Elk fan har is keppele oan in learling út groep 8 fan de iepenbiere skoallen De Schakel, It Haskerplak en De Ynset. Juny takom jier sille Fryske bern nei Denemarken.

De bern prate yn it Ingelsk mei-inoar oer it deistich libben yn in oar lân en it ûnderwiis dêr. Fierder binne der workshops op it mêd fan sport en technyk en sjogge se yn Museum Joure.

(Advertinsje)
(Advertinsje)