Stasjonswei Ljouwert ticht fanwege nije asfaltlaach

03 nov 2017 - 13:22
Foto: Omrop Fryslân, Robea Kleisma

De Stasjonswei yn Ljouwert is dit wykein ôfsletten foar it autoferkear fanwege wurksumheden oan de dyk. Der wurdt asfaltearre. Fan freedtejûn acht oere oant moandeitemoarn healwei seizen is de Stasjonswei ticht. It ferkear wurdt omlaat. It tút-en-derút-plak is ferpleatst nei de achterkant fan it stasjon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)