Gert Jan Breman makket PC-kommisje wer kompleet

03 nov 2017 - 12:26

De PC-kommisje yn Frjentsjer hat wer fiif leden. Gert Jan Breman is it nije lid fan de Keninklike Permanente Commissie. Breman sil yn de keatskommisje de rol fan húsmaster op him nimme. Hy folget Joop van der Veen op, dy't yn novimber 2016 ferstoar.

De nije húsmaster wennet yn Frjentsjer en is mei-eigener fan in skjinmakgruthannel. Njonken syn deistich wurk hat Breman ek ûnderfining op bestjoerlik mêd en is er grut leafhawwer fan de keatssport en de PC. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)