Dokkumer wint priis foar ûndersyk nei bewege ûnder it learen

© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Marijke Mullender-Wijnsma fan Dokkum hat in priis krigen foar har ûndersyk nei bewegen en learen by bern. By it ûndersyk fan Mullender-Wijnsma wiene meardere Fryske skoallen belutsen, bygelyks basisskoalle It Kruirêd in Mûnein. Learlingen fan dizze skoallen diene rekken- en taallessen wylst der beweegd waard. De resultaten litte sjen dat de bern troch it programma fitter wurden binne. Ek ha se yn twa jier tiid in learwinst fan fjouwer moanne makke. Mullender-Wijnsma krijt yn totaal 2000 euro foar de NRO-VOR-praktykpriis 2017.
De nominaasjefideo fan Marijke Mullender-Wijnsma: