FIDEO: Op syk nei de nije Mata Hari

05 nov 2017 - 20:00

It kulturele feestjier 2018 komt hieltyd tichterby. Mear en mear wurdt sichtber wat der allegearre te barren stiet. En dat binne net allinnich de grutte projekten út it bidbook. Der binne hûnderten inisjativen yn hiel Fryslân dy’t op eigen manneboet wat moais delsette wolle. Ien hjirfan is ‘Looking for Mata Hari’.

Teätermakkers Caro Kroon en Hans Brans binne mei Ricardo van Salm fan ‘Bilgaard Got Talent’ yn de Ljouwerter wyk Bilgaard op syk nei talint.  Se wolle mei wykbewenners - jong en âld - yn de simmer fan 2018 in foarstelling meitsje. Kommende wiken organisearje se workshops sang, dûns, rap en tekstskriuwe. Dizze wike wiene se dwaande by winkelsintrum Bilgaard dielnimmers foar de workshops te sykjen en wa wit aanst foar de teäterfoarstelling.

Trefwurden: 
Mata Hari LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)