Kollum: "It leed fan de fuotbalmem"

"Ik ryd wolris by it fuotbalfjild del en as ik dan dy bern draven sjoch, bekrûpt my in dûbeld gefoel. Oan ‘e iene kant bliid dat ik net mear oan de kant fan it fjild hoech te stean, mar ik mis it sa út en troch ek noch wol. Al ús trije jonges hawwe fuotballe. Sa oandwaanlik doe’t dy lytse broekjes by de F-kes úteinsetten. En mar achter dy bal oandrave…of net. Der wiene ek guon by dy’t gewoan wat oer it fjild omtoarken en om har hinne seagen.
Ik haw ek in skoft lieder west. Dat wie net omdat ik der safolle ferstân fan hie, mar om't der net in oar wie. No haw ik eartiids wol fuotballe, ik wie linksfoar. Mar in soad technysk ynsjoch hie ‘k net. Ik hie ek gjin kondysje want ik kaam amper op de training, mar myn wapen wie dat ik hiel hurd sjitte koe. Dus as ik wurch wie of it my te dreech waard, dan joech ik in foarset fan de middelline ôf nei de goal en mocht in oar har der mei rêde.
Mar fuotbalje yn in frouljusalvetal is oars as lieding jaan oan in ploech jonkjes. Ik wit noch wol dat ik in kear by it fjild stie te razen en dat dy fan ús rôp: ‘As mem tinkt dat mem it sa goed wit, dan giet mem dochs lekker sels yn it fjild stean!’ Dêr steane je dan mei je goeie gedrach, alle sneontemoarns betiid en faak yn ‘e kjeld of rein.
It wie fansels ek in hiele aardichheid om mei al dy mantsjes op ’en paad te wêzen mar as jo trije jonges yn ferskate teams hawwe, dan wiene jo sawat de folsleine sneon kwyt. Mem hjir, heit dêr, tuskentroch noch efkes boadskipje en de dei wie wer om. It trainen wie eins altyd troch de wike om itenstiid hinne en hast alle dagen wol ien. Dat fûn ik lestich mei de logistyk fan it heljen, bringen en itensieden. En we hiene ek noch in dochter dy’t op klupkes siet en omtinken nedich hie.
Ik haw my faak fernuvere oer dy lytste jonkjes dy’t je in pear jier meimeitsje en groeien sjogge. De broekjes waarden stadichoan grutter mar der wiene altyd memmen of heiten by om de boel yn goede banen te lieden. Want de iene koe him sels amper oan- of útklaaie, de oare moast faak gûle, it wie meastentiids in slachfjild yn ‘e klaaikeamer mei sokken, klean en tassen en se hiene allegearre fan dy hege pypstimkes. ‘Moatte dit no echte keardels wurde?’ tocht ik gauris. Ik koe my dat earlik sein bytiden net yntinke.
Der kaam in momint dat ús jonges net mear fuotbalje woene. De âldste woe wurkje en de oare beide fûnen der net safolle mear oan. Dat betsjutte dat ik hielendal gjin ferplichtings mear hie op sneon en ek net mear betiid fan bêd ôf hoegde. Ik fûn dat earst bêst wol nuver want der hiene al safolle jierren yn it teken fan it fuotbaljen stien, dat ik ek net better wist.
Mar alles went, ek in frije sneon. Wat in genot om moarns betiid yn it tsjuster wekker te wurden mei hurde wyn of rein en it besef dat je lizzen bliuwe kinne. Dus moarnier draai ik my ek noch in kear lekker om as al dy âlden steane te ferrekken by it fjild. En dy jonkjes fan doe kom ik noch wolris tsjin hjir en dêr. It binne allegearre keardels wurden dy’t harren no grif sels oan – en útklaaie kinne… mar miskien hawwe se yntusken ek al ien fûn dy’t har dêr wer mei helpt."