Nij Smellinghe bêste sikehûs fan Fryslân

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is neffens de sikehûstest fan it Algemeen Dagblad it bêste sikehûs fan Fryslân. Lanlik stiet Nij Smellinghe op it fjirde plak. Ferline jier kaam itselde sikehûs net fierder as plak 71. De Tjongerskâns op It Hearrenfean folget de omkearde rûte. Dat sikehûs stie ferline jier op fjouwer en no op 47. Ek de oare Fryske sikehûzen skoare leger as in jier lyn. Sikehûs MCL yn Ljouwert gie wat omleech, fan plak 20 nei plak 30. It Antonius Sikehûs fan Snits is no 54e. Ek dat is minder as ferline jier. Doe stie it Snitser sikehûs noch 37e.