"Tal huzen foar kasarbeiders yn Berltsum beheine"

02 nov 2017 - 23:38

In moasje fan de gemeenteriedspartijen, om alle middels yn te setten om it tal huzen foar kasarbeiders yn de Berltsumer wyk De Pôllen ta in akseptabel minimum werom te bringen, wie tongersdeitejûn it heechst helbere foar de buertbewenners. Dy sitte der bot oer yn dat der mear as hûndert arbeidsmigranten komme te wenjen yn de nijboubuert, mei sa'n fjirtich Nederlânske bewenners. Dat de projektûntwikkelder en boubedriuw Lont dat fan plan wienen, hienen se de buert net ferteld en dat stekt se.

Moasje FNP ôfwiisd

Yn in drok besochte riedsgearkomste waard earst in seisdielige moasje fan de FNP behannele, mar dy helle it net, ta teloarstelling fan de partij en de buertbewenners. Dêryn stie ûnder oaren dat der juridysk ûndersocht wurde moat wat mooglik is. En belangriker: dat dat foar de earstfolgjende riedsgearkomste fan de gemeente Menameradiel dúdlik wurde moat. Benammen oer de term gesinswenning en húshâlden is ûndúdlikheid, want yn de fjirtjin nijbouhuzen soene samar allegear manlike kasarbeiders sûnder konkreet famyljeferbân komme te wenjen.

Bestimmingsplan

Fan de earste acht leit it bestimmingsplan al fêst. Oer de oare seis rinne noch beswieren. De FNP-moasje helle it net, mar wol de mienskiplik yntsjinne frijbliuwender moasje. Dy skoot konkrete aksje foarút oant de nije fúzjegemeente Waadhoeke der is.

(advertinsje)