Achtkarspelen ferleget lokale lêsten

02 nov 2017 - 21:13
Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan Achtkarspelen binne de kommende jierren minder jild kwyt oan harren lokale lêsten. Dat is ien fan de punten út de slutende mearjierrebegrutting, dy't de gemeente tongersdei fêststeld hat. Sa ferleget de gemeente ûnder mear de OZB, de ûnreplikesaakbelesting, mei goed twa persint. Ek de ôffalstoffeheffing giet mei sa'n tolve euro de húshâlding nei ûnderen.

Njonken de delgong fan de lokale lêsten, stelt de gemeente goed 150.000 euro beskikber foar it opkreazjen fan de Fabryksfeart yn Stynsgea. Ek wurdt der 180.000 euro útlutsen foar jeugdsoarch en giet der 175.000 euro nei wolwêzensprojekten yn Achtkarspelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)