Fryslân wint priis bêste sirkulêre regio fan Nederlân

02 nov 2017 - 20:51
Direkteur Eric Zwaart fan ABNAMRO, deputearre Sander de Rouwe, John Vernooij en Ingrid Zeegers fan Vereniging Circulair Friesland en Jan Pen fan Fontys Hogescholen nimme de priis yn ûntfangst.

De provinsje Fryslân mei himsels fan tongersdei ôf de bêste Nederlânske regio op it mêd fan sirkulêre ekonomy neame. Fryslân krige dêrfoar tongersdei in nasjonale priis, dy't troch foarsitter John Vernooij en deputearre Sander de Rouwe yn ûntfangst nommen is. Dat barde op it BT Event yn Lelystad, oer de takomst en útdagingen fan de moderne ekonomy. In sirkulêre ekonomy is in griene ekonomy dêr't gjin ôffal oerbliuwt, mar brûkt wurdt foar it meitsjen fan nije produkten. De sjuery wie goed te sprekken oer de yntegrearre oanpak yn Fryslân en de belutsenheid fan ûndernimmers, oerheden en ûnderwiisynstellingen. De priis bestiet út in boerd en de wichtige nasjonale erkenning.

''Dit is de beloning voor de bedrijven die zich vanaf dag één inzetten voor de circulaire economie'', sa sei John Vernooij, foarsitter fan de Feriening Sirkulêr Fryslân. Ek deputearre Sander de Rouwe is út de skroeven mei de priis: ''De provinsje Fryslân is de meast geunstige ûntwikkelregio foar de sirkulêre ekonomy. Mei dy oertsjûging rinne wy foarop yn Nederlân.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)