Trije Fryske films yn premjêre op Noordelijk Film Festival

02 nov 2017 - 20:28

It jierlikse Noordelijk Film Festival wurdt nije wike wer hâlden yn Ljouwert. Fan 8 oant en mei 12 novimber binne der yn De Harmonie en Slieker Film 150 films te sjen. De organisaasje ferwachtet sa'n 20.000 besikers. Sneon 11 novimber is der in spesjale filmmiddei mei de premjêres fan trije Fryske dokumintêres. It giet om Thúshaven Bartlehiem fan Froukje van Wengerden, Romania Romania fan Murk-Jaep van der Schaaf en Pamietamy fan Anne van Slageren. Yn Fryslân Hjoed joegen Piter Tjeerdsma en Froukje van Wengerden tongersdei in foarpriuwke fan de dokumintêres.

Thúshaven Bartlehiem

Wêr fielst dy thús? Dy fraach stiet sintraal yn de dokumintêre fan Froukje van Wengerden. De filmmakster makke mei har heit op harren skip 'Eestroom' in reis troch Fryslân. Se frege har ôf, wat in thús foar minsken betsjut. Is it gefoel fan thúsfielen altyd ferbûn mei in plak of in lânskip? En wat ast op in skip wennest en dyn thús dus altyd earne oars wêze kin?

Romania Romania

Klezmer-muzikant Jaap Mulder reizge dizze simmer werom nei syn muzikale roots. De roots fan de sjonger fan Di Gojim lizze yn Transsylvanië, Roemenië. Dokumintêremakker Murk-Jaep van der Schaaf folge syn moetingen mei lokale muzikanten. Want bestiet de muzikale konneksje dy't Jaap fielt wol echt?

Pamietamy

De dream fan dirigint Andries de Haan is yn ferfolling gien. Foar in bysûndere komposysje gie er nei in beladen plak út de Twadde Wrâldoarloch. Grinzer filmmakker Anne van Slageren folge de dirigint en syn fanfare-orkest CMV Excelsior út Gryptsjerk.

De dokumintêres binne sneon 11 novimber te sjen. Om 12.45 oere draait Pamietamy en om 14.15 binne Thúshaven Bartlehiem en Romania Romania oan bar. Oan de fertoaning fan Pamietamy en Romania Romania wurde ek noch muzikale optredens keppele fan respektyflik it fanfareorkest út de film Pamietamy en Di Gojim, de band fan klezmer-muzikant Jaap Mulder dy’t folge wurdt yn Romania Romania.

(Advertinsje)
(Advertinsje)