Warner Hahn werom yn de basis by SC Hearrenfean

Warner Hahn stiet freed yn de wedstriid tsjin Sparta foar it earst wer yn de basis. Hahn spile dit seizoen allinnich yn de earste wedstriid mei tsjin FC Grins, mar foel doe blessearre út. Hahn keepte moandei mei de beloften wer in folsleine wedstriid. Hahn syn ferfanger fan de lêste wiken, Martin Hansen, foel ôfrûne snein yn de wedstriid tsjin AZ út mei in blessuere oan syn pols en is noch net hersteld. Wouter van der Steen wie doe syn ferfanger, mar sit yn Rotterdam wer op de bank.
It is net de iennige feroaring dy't Streppel tapast. Ek Nemanja Mihajlovic stiet yn de basis. De Serviër spilet linksbûten. Dêrtroch ferhuzet Michel Vlap nei it middenfjild. Dat giet ten koste fan Morten Thorsby. De Noar begjint op de bank. Kik Pierie foel ôfrûne snein ek út mei in ankelblesuere, mar is wer fit genôch om te begjinnen op de linksbackposysje.
Opstelling: Hahn, Dumfries, Høegh, Naess, Pierie, Schaars, Kobayashi, Vlap, Ødegaard, Reza en Mihajlovic.