Akkoart tekene om wanbetellers soarchpreemje te helpen

02 nov 2017 - 18:31

Soarchfersekerder De Friesland en alle Fryske gemeenten hawwe tongersdei yn Dokkum in akkoart tekene, om minsken te helpen dy't harren soarchpreemje net betelje kinne. Sa'n tsien gemeenten yn Fryslân diene dit al, mar no slute ek de oare Fryske gemeenten har oan. It is unyk dat in soarchfersekerder en in hiele provinsje sa mei-elkoar oplûke.

By De Friesland binne der jierliks goed 8000 minsken dy't harren soarchpreemje net op tiid betelje. Gewoanwei wurde dizze minsken nei ferrin fan tiid oerdroegen oan it Centraal Administratie Kantoor (CAK) en krije se in ynkassoburo op harren dak. Dat besykje de Fryske gemeenten en de soarchfersekerder no foar te wêzen.

De soarchfersekerder is fan 2014 al dwaande om minsken mei in betellingsefterstân persoanlik oan te sprekken. Dat wurket better as inkeld nochris in brief te stjoeren, sa docht bliken út ûnderfining. De hoop is dat de gearwurking mei de gemeenten noch mear opsmite sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)