Noed oer flekswurkers by gemeente Súdwest-Fryslân

02 nov 2017 - 18:00
It gemeentehûs van Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De PvdA yn Súdwest-Fryslân makket him soargen oer it tanimmend oantal flekswurkers by de gemeente. De partij hat dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje. Fleksibele meiwurkers fan de gemeentlike organisaasje soene gjin útsicht hawwe op in fêste baan. Neffens PvdA-riedslid Johan Feenstra soene gemeenten krekt it goeie foarbyld jaan moatte oan oare organisaasjes. Struktureel wurk by de gemeente moat liede ta fêste banen, sa fynt de partij. De PvdA wol witte wat it kolleezje docht om it trochsketten flekswurk oan te pakken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)