Boete foar it fernielen fan winkelruten

02 nov 2017 - 17:32
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út De Westereen hat fan de rjochter in boete fan 350 euro krigen, omdat er fan 't simmer de ruten fan in winkel yn it doarp yntrape hat. De fertochte hie op in feest spul hân mei in man en wie dêr sa lulk oer dat er de ruten fan de man syn winkel fernielde. De skea wie mear as trijetûzen euro. De man fielt him bot skuldich oer wat der gebeurd is. Hy hie wol in wurkstraf by de eigener fan de winkel dwaan wollen, mar de rjochter fûn in boete genôch.

Trefwurden: 
justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)