Oersetters nije bibel tinke om 'genderperspektyf'

02 nov 2017 - 17:26

Yn de nije Fryske bibeloersetting hâlde oersetters rekken mei it 'genderperspektyf'. Dêr't it kin wurde wurden as bygelyks 'soan' op in oare wize oerset, want faaks betsjut dat wurd yn de bibelse kontekst ek net letterlik soan. De oanpassing wurdt dan bygelyks 'soan en dochter'. It moat de nije Fryske oersetting werkenberder meitsje foar alle groepen.

Neffens oersetter en dûmny Liuwe Westra wurdt it tiid foar in nije Fryske oersetting. De âlde is fan 1978. Westra hat de ôfrûne tiid dwaande west mei it oersetten fan Mattéus. Dy útjefte mei de namme 'Lokkich binne jimme' ferskynt begjin takom jier. Dêrmei wol Stifting Fryske Bibel foar de Ienentweintichste Ieu oanslute by it jier fan Kulturele Haadstêd. Mei it brûken fan hjoeddeiske taal moat de bibel ek tagonklik wurde foar alle Friezen.

It doel is om de kommende tiid ek de rest fan de bibel oer te setten. Dêrfoar is rûchwei in miljoen euro nedich. Dat jild is der no noch net. As alles slagget moat de nije Fryske oersetting oer in jier of fiif klear wêze.

Trefwurden: 
bibel Fryske oersetting
(Advertinsje)
(Advertinsje)