Motorrider (49) ferstoarn yn Drachten nei botsing tsjin beam

02 nov 2017 - 17:00

Yn Drachten is tongersdeitemiddei in motorrider om it libben kaam neidat er ûnderút gong en tsjin in beam botste. Neffens de plysje giet it om in 49-jierrige man út Drachten. It ûngelok barde op de Noorderhogeweg. De dyk waard ôfsletten en it ferkear omlaat. Om 18.00 oere hinne is de dyk wer frijjûn. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok motorrider Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)