Referindum kostet Fryske gemeenten tonnen ekstra

02 nov 2017 - 16:59

It referindum oer de saneamde 'sleepwet' kostet yn Fryslân in pear ton ekstra. It is de bedoeling fan it Ryk om it referindum tagelyk te hâlden mei de gemeenteriedsferkiezingen op 21 maart takom jier. Mar net alle Fryske gemeenten hawwe dan ferkiezingen. Yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke wurdt de nije gemeenteried al op 22 novimber fan dit jier keazen, wylst de ynwenners fan de nije fúzjegemeente fan Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel pas yn novimber takom jier nei de stimbus meie. Allinne de gemeente Súdwest-Fryslân rûst de kosten al op 100.000 euro ekstra. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ferwachtet soks ek yn syn gemeente. Hy wol mei it Ryk yn petear oer mooglike kompensaasjes.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)