Lauwers College bringt de mavo werom

02 nov 2017 - 16:43

De namme mavo komt wer werom by kristlike skoallemienskip Lauwers College. De mavo komt yn it plak fan it vmbo-TL, de teoretyske learwei. De skoalle kiest foar de feroaring omdat mavo fertroud is en better oerkomt. En it jout ek oan dat dizze learwei net allinne nei it mbo liedt, mar ek nei de havo, seit de skoallemienskip. De nammeferoaring jildt foar alle vmbo-TL-ôfdielingen fan it Lauwers College, yn Bûtenpost, Kollum en Grypstsjerk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)