Studint NHL wint lanlike ferkearskundepriis

© ANP
Studint Ruben de Bruijne fan de NHL yn Ljouwert hat de lanlike HBO Verkeerskundeprijs 2017 wûn foar de bêste ôfstudearproduksje fan de ôfrûne twa jier. Hy krige de priis foar syn ûndersyk nei tagonklikheid yn it ferkear foar fuotgongers. De Bruijne studearret romtlike ûntwikkeling en mobiliteit en fierde syn ûndersyk út foar de gemeente Amsterdam.
De studint krige de priis op it pre-kongres fan it Nationaal Verkeerskunde Congres (NVC) yn Zwolle. De sjuery rikte de priis út oan De Bruijne om't syn idee orizjineel en aktueel is. Ek wie it ûndersyk goed útfierd en wist hy it goed te presintearjen, sa sei de sjuery. Der wiene fyftjin skripsjes ynstjoerd.