Wurkstraffen foar fjouwer Ljouwerters nei fjochtpartij

02 nov 2017 - 15:52
De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier - Foto: Omrop Fryslân

Fjouwer Ljouwerters hawwe wurkstraffen oant sechstich oeren krigen foar harren oandiel yn in fjochtpartij yn in kroech yn de stêd. Mei harren fjouweren hawwe se in oare man mishannele yn de hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier. Neffens de fertochten dielde it slachtoffer de earste klap út. Dat wie neidat sy grappen oer him makke hienen.

It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle. Hy soe de fertochten letter sein hawwe dat er gjin oanjefte dwaan soe as sy him elk tûzen euro betelje soenen, mar dêr binne se net op yngien. By de strafmjitte hold de rjochter der rekken mei dat it slachtoffer syn hannen ek net thúsholden hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)