Plysje siket tsjûgen wenningoerfal yn Frjentsjer

02 nov 2017 - 15:39
Foto: ANP

De plysje siket tsjûgen fan de oerfal woansdeitenacht op in hûs yn de Jan Reitsmastrjitte yn Frjentsjer. Trije ûnbekende manlju giene it hûs yn en bedrigen en mishannelen de bewenster en in man dy't der ek wie. It trio brûkte dêr in fjoerwapen by. De fertochten naaiden út mei jild, mobile telefoans en in horloazje. Se soene fuortriden wêze yn in wite bestelbus mei blauwe letters. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, har te melden.

Trefwurden: 
wenningoerfal Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)