Flechtling Maedeh yn de finale foar 'Ambassadeur MBO'

Maedeh Rahimi docht it goed yn de ferkiezing foar de lanlike ambassadeur fan it MBO. De 21-jierrige studinte fan de Friese Poort stiet yn de finale en hat oant 8 novimber de tiid om safolle mooglik stimmen te heljen. Op himsels is sa'n ferkiezing al bysûnder, mar foar in fan oarsprong Afgaanske jonge frou is it hiel bysûnder. De sitewaasje fan Maedeh is dreech. Se wennet yn it AZC yn Burgum en hat mei har famylje gjin ferbliuwsstatus. De kâns is grut dat se úteinlik weromstjoerd wurde sil nei Afganistan.

Maedeh docht ûnder dizze omstannichheden dochs MBO bedriuwsadministraasje. Se sit yn it lêste jier. Se hat alle eksamens helle en hat ek in tige goede staazje hân dêr't se har rol yn de ferkiezing foar MBO ambassadeur oan te tankjen hat. Mar om in diploma te krijen moat se noch in einstaazje rinne. En krekt dat is in probleem, want Maedeh hat gjin ID kaart. Dit komt om't se gjin flechtlingestatus hat. En sûnder ID-pas kinne je gjin staazje rinne. ROC de Friese Poort docht syn bêst, mar it is net sa maklik om in oplossing te finen. Yn it slimste gefal soe Maedeh aanst de ferkiezing winne mar tagelyk ek útset wurde nei Afganistan.

Maedeh kaam seis jier lyn nei Nederlân mei har famylje. Har heit rint gefaar as hy werom moat. En foar Maedeh soe it betsjutte dat se net nei skoalle mei en net wurkje kin. Famkes en froulju hawwe neffens har gjin wearde yn it lân. De earste 15 jier fan har libben hat Maedeh net nei skoalle west. Har mem joech har thús les.

Se wol troch mei te dwaan oan de ferkiezing sjen litte dat je ek ûnder drege omstannichheden besykje moatte it bêste derút te heljen en net op te jaan. Se wol ek sjen litte dat se wat betsjutte kin foar Nederlân.
Wa't stimme wol op Maedeh: dat kin fia de folgjende link.