Boeren op Skylge hâlde op mei guozzegebiet

Guon boeren mei gebieten dêr't guozzen ite kinne yn de polders op Skylge hâlde dermei op. De guozzen binne in pleach wurden, fine se. En yn stee fan se te fernearen op harren lân, litte se se tenei ferjeie troch jagers. Dat docht fertuten, want de guozzen komme no net mear op harren lân, sizze se.
Fanwege de bisten hawwe se in soad skea oan it lân, folle minder gers en dêrtroch produsearje de kij wer minder molke. Boppedat giet it ten koste fan de greidefûgels, sa tinkt bygelyks boer Cees Cupido. "De polder fan Skylge is unyk foar greidefûgels, net foar guozzen", sa seit er. "Se frette alles op en dat ferskite se. De stront leit sawat oant yn de keamer by ús ta yn maaie. It kin sa net langer."
Cees Cupido buorket yn de polder achter Lies, lykas syn kollega Gerard Cupido. En ek al krije se fan de provinsje in skeafergoeding foar de guozze-opfang, se fine it skande dat de natuer yn harren greiden sa iensidich wurdt en greidefûgelpiken sa'n lyts bytsje oerlibbingskâns hawwe.