Fan OPA nei HOOP yn Harns

Harns © Gemeente Harns
De Harnzer politike partij Ouderen Politiek Aktief - ôfkoarte OPA - krijt in nije namme: HOOP, oftewol Harlinger Onafhankelijke Ouderen Partij. Dêr is foar keazen omdat de namme OPA yn mear gemeenten brûkt wurdt troch politike partijen. De Harnzer partij wol dêr ûnôfhinklik fan bliuwe. Yn maart docht de partij mei oan de gemeenteriedsferkiezingen.