"Konklúzjes oer boaiemlibben yn Noardsee klopje net"

Der is gjin sprake fan in delgong fan it tal bisten yn de Noardsee. Dat sizze ûndersikers fan it Wageningen Marine Research. Neffens it CBS en it Wereld Natuur Fonds soe it tal bisten yn de Noardsee de ôfrûne 25 jier mei mear as tritich persint ôfnaam wêze. Neffens de ûndersikers fan Wageningen kloppet hjir neat fan. Sy hawwe it ûndersyk dien wêrop't it CBS him basearret. Neffens ûndersiker Ingrid Tulp is der allinnich sjoen nei in trend. It kin sa wêze dat de iene soart mei 20 persint tanaam is en in oare mei 60 persint tebekrûn is. Dat seit lykwols neat oer it folsleine boaiemlibben. Dat kin omleech, omheech of gelyk bleaun wêze. Tulp bestriidt ek de konklúzje dat de boaiemfiskerij de oarsaak is fan it tebekrinnen fan it boaiemlibben. Neffens har stiet fêst dat dizze foarm fan fiskerij skealik is foar it boaiemlibben. Allinnich is dizze foarm fan fiskerij de lêste jierren krekt bot ôfnaam.

In oare konklúzje fan it CBS wie dat it min giet mei skulpdieren, kreeften en seeychels. Neffens Tulp is dêr neat oer te sizzen. It CBS hat gebrûk makke fan in ûndersyk fan Rykswettersteat. Dy gegevens sizze neat oer it tal skulpdieren, kreeften en seeychels. It is dan ek mar de fraach oft de populaasje weromrint.