Sportskoallen binne populêr yn Fryslân

02 nov 2017 - 14:14
Sportskoalle - Foto: Omrop Fryslân

It tal sportskoallen yn Fryslân is yn de ôfrûne njoggen jier mei de helte omheech gien. Omrekkene nei hûnderttûzen ynwenners binne de measte sportskoallen hjir te finen en yn de provinsjes Drinte en Limboarch. Benammen yn de perioade 2008-2011 binne der in soad fitnesssintra by kaam. De jierren dêrnei naam it tal sportskoallen noch mar mei trije persint ta. Dêrmei is fitness noch wol hieltyd de meast populêre sport yn ús lân, mar de grutte groei is foarby.

Fitnesssintra dy't it de ôfrûne jierren goed diene, sitte yn it low budget-segmint, lykas de ketens Basic-Fit en Fit For Free.

Trefwurden: 
fitness sportskoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)