Priis keaphûs minst omheech op Waadeilannen

Eilanner hûske op Skiermûntseach © Omrop Fryslân
De priis fan in keaphûs is it ôfrûne jier it minst omheech gien op de Waadeilannen. Dêr binne wol in soad mear wenningen ferkocht: mar leafst 45 persint mear.
Yn Noardeast-Fryslân is de gemiddelde priis ek mei noch gjin fiif persint omheech gien, yn Noardwest-Fryslân giet it om 11 persint. Ien en oar docht bliken út sifers fan woningmarktcijfers.nl. Yn Noardeast-Fryslân binne hast 20 persint mear huzen ferkocht, yn it noardwesten fan ús provinsje hast 30 persint mear.