Fertochte stekpartij Berltsum wurdt psychysk ûndersocht

02 nov 2017 - 13:59
Foto: Postema Media

De man dy't derfan fertocht wurdt dat er yn augustus yn in pensjon yn Berltsum in oare pensjongast deastutsen hat, moat psychysk ûndersocht wurde yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. Dat hat de rjochter bepaald. De fertochte (57) soe yn ien fan de keamers fan it pensjon samar ynienen wyld om him hinne stutsen ha. Dêrby rekke ek in oare pensjongast ferwûne.

It ûndersyk kin noch wol even duorje. Justysje ferwachtet dat de saak pas yn de simmer fan takom jier ynhâldlik foar de rjochter komme sil.

Trefwurden: 
Berltsum pensjon
(Advertinsje)
(Advertinsje)