Crone slút Nationaal Schoolontbijt ôf yn Fries Museum

© ANP
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert slút nije wike freed offisjeel de 15e edysje fan it Nationaal Schoolontbijt ôf. Dit bart yn it Fries Museum, mei bern fan de Dr. Algraskoalle út Ljouwert. Ek de berneboargemaster fan Ljouwert, Charlize Hindriks is hjirby oanwêzich. By de sluting oerlangje Crone en de bern in sjek oan it Jeugdkultuerfûns.
De start fan it Nationaal Schoolontbijt is kommende moandei, yn it Ryksmuseum yn Amsterdam. Der wurdt dan moarnsiten ûnder it skilderij De Nachtwacht. Yn totaal dogge der sa'n heal miljoen bern fan 2.900 basisskoallen mei.