Smellingerlân oansletten by Stichting Fryslân Hartveilig

02 nov 2017 - 13:43
EHBO - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De gemeente Smellingerlân hat him oansluten by de Stichting Fryslân Hartveilig. Dat is in stichting dy't him ynset om de oerlibbingskâns by in hertstilstân te fergrutsjen. Tegearre mei de stichting wol de gemeente oan de slach om in dekkend reanimaasjenetwurk fan boargerhelpferlieners en AED's yn de gemeente te krijen.

Der binne yn Fryslân no noch seis gemeenten dy't net oansletten binne by de Stichting Fryslân Hartveilig.

(Advertinsje)
(Advertinsje)