Cambuur wol mear as lykspul tsjin NEC

02 nov 2017 - 13:01

Cambuur is op foarhân net gelokkich mei in lykspul yn de útwedstriid fan freed tsjin NEC. Dat sei Cambuur-trainer Marinus Dijkhuizen tongersdei nei de lêste training. "Ik zou niet ontevreden zijn met een punt, maar dat is niet het maximaal haalbare. NEC heeft een geweldige voorhoede, met afstand de beste in de Jupiler League, maar ze zijn achterin, ook door blessures, kwetsbaar. Daar moeten wij gebruik van maken." Dijkhuizen woe noch net in folsleine opstelling priisjaan. "We hoeven de tegenstander niet wijzer te maken", sa sei hy tongersdei.

Karim Rossi wurdt op 7 novimber operearre oan syn foet. Hy sil by it begjin fan de twadde kompetysjehelte noch net ynsetber wêze. Furdjell Narsingh is foar freed noch in twivelgefal. Bryan Smeets, ferline wike debutant yn de basis, begjint ek no wer oan de wedstriid.

NEC hat him ûndertusken al pleatst foar de play-offs en hat de lêste seis wedstriden net ferlern.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)