Grutte bulte sân nei seegat tusken Skylge en It Amelân

Rykswettersteat is al in ein op wei mei in bysûnder eksperimint wêrby't der in grutte bulte sân stoart wurdt foar it seegat tusken Skylge en It Amelân. Benammen It Amelân is foar in goede beskerming tsjin de see behoarlik ôfhinklik fan it stoarten fan sân. Soks dogge je yn 'e regel op in plak ticht by de kust, mar dat komt no oars.
Streaming
It komt no op in hieltiten lytser wurdende sânbank by it seegat. Lykas by de saneamde sânmotor foar de Hollânske kust moat de streaming der dan foar soargje dat it sân op it goede plak komt. Oft dat ek bart, is net wis. Dêrom is it ek in proef. Ynkoarten is de oanbesteging en yn de maitiid fan 2018 moat it wurk begjinne.